Earste streken op it iis

08 des 2003 - 00:00

Op in pear plakken yn Fryslân binne moandei de earste streken op it iis set. De iisflier is lykwols lang net fertroud. Op de Rypstjerker polder weagen Yde Jonker, Leo Schuil en Juul Heinze harren derop. Ek op de Deelen en by Goutum wiene in pear weachhalzen. Trochstreekje en lâns de kant bliuwe, dan koe it krekt.

Ferline jier waarden de earste streken in dei earder op it iis set. Doe wie it op 7 desimber al safier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)