Earste stien Domino Day delset

23 sep 2009 - 17:20

De earste stien foar de jierlikse Domino_Day is woansdei delset. Dat barde yn it WTC-gebou yn Ljouwert. Presintatrise Nance hie dit jier de eare om it te dwaan.

Domino_Day sil op 13 novimber hâlden wurde en dêrfoar moatte hast 5 miljoen stientsjes delset wurde. De bouwers dy´t dit dwaan moatte, komme út hiel Europa. De bouwers hoopje in nij wrâldrekord te festigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)