Earste 'stekje' foar Wânswert

20 maaie 2011 - 16:57
  • It nije bankje (foto's: Geale Groen, Omrop Fryslân)

Wânswert is it earste doarp dêr't in bankje fan it projekt 'Stekjes' pleatst is. It bankje stiet tusken de mole en de tsjerke op Wodans Wierde. Der komme yn totaal 12 fan dy bankjes yn de seis gemeenten fan NE-Fryslân. Under oare by Kollumerpomp, Feanwâlden en Ternaard. Foar de bankjes waard in priisfraach útskreaun en keunstner Sibe Jan Kramer waard útkeazen om it bankje by Wânswert te meitsjen.

It idee komt fan it provinsjale projekt Fryske Fiersichten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)