Earste stap nije koalysje

20 des 2010 - 07:56
  • Boargemaster Arie Aalberts fan Dantumadiel is de ynformateur yn Súdwest-Fryslân

Noch goed twa wiken en dan moat der in nije koalysje wêze yn de fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. Op 3 jannewaris moatte de nije wethâlders ynstallearre wurde en oan de slach kinne.

In flinke put foar de politike partijen, want der wurdt noch mar krekt twa wiken ûnderhannele. Jûn presintearret ynformateur Arie Aalberts syn rapport oer de earste ûnderhannelingsfaze. Hy hat der wol betrouwen yn dat de partijen der yn it koarte tiidsbestek útkomme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)