Earste 'sponsorbeam' plante

04 mrt 2011 - 17:34
  • Boargemaster Crone, Evert Wind en 6 beammepages planten de beam
  • By alle nije beammen komt ek in boardsje mei de namme fan de sponsor

De aksje 'Bedriuwen foar Beammen' is freed úteinset yn Ljouwert. It inisjatyf komt fan stichting De Bomenridders. Sy wolle dat der mear beammen yn de stêd komme.

De beammeridders freegje dêrom de hûndert grutste bedriuwen yn de stêd om it plantsjen fan in beam te sponsorjen. De earste beam is freed plante troch Boargemaster Crone en direkteur Evert Wind fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. De Keamer fan Keaphannel is de earste beammesponsor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)