Earste slachtoffer prize-oarloch

12 nov 2003 - 00:00

It earste Fryske slachtoffer fan de prize-oarloch yn de supermerken is de Troefmarkt yn Stynsgea. Undernimmer Sikko Oosterhoff slút syn doarpswinkel, om't er alle dagen ûnderfynt dat er de konkurrinsje mei de grutte supermerken net oan kin.

It tal klanten fan Oosterhoff syn winkel is sûnt de prize-oarloch mei goed fyftich prosint sakke. De ynwenners fan Stynsgea kinne woansdei foar it lêst yn eigen doarp boadskipje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)