Earste skrieze-aaien fûn

29 mrt 2011 - 15:48
  • Skries (foto's: argyf Omrop Fryslân)
  • Skrieze-aaien

Om de redaksje fan Omrop Fryslân is de earste melding binnenkaam fan skriezeaaien. De aaien binne sjoen troch Jelle Hibma fan Natuurmonuminten yn natoergebiet Skrins yn Littenseradiel. It giet om twa aaien.

Neffens Hibma binne de skriezen der dit jier betiid by. Hy wie yn it lân om wetter op te pompen fanwege de droechte en seach hoe't in pear skriezen harren drok makken. Dêrnei gie hy op syk en fûn it nêst mei twa aaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)