Earste skip nije werf yn wetter

19 maaie 2003 - 00:00

Yn Makkum is moandei it earste skip fan de werf Macoomyachting te wetter litten. In ljochtpuntsje, yn in tiid dat ek de skipsbou in soad klappen krijt. De boat, de Aphrodite, is oan Switsers ferkocht foar 270.000 euro.

Macoomyachting ferwachtet de earste tiid fiif boaten yn it jier bouwe te kinnen. It bedriuw merkt lykwols al dat minsken langer neitinke ear't se in skip keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)