Earste sitting oer Awa

15 nov 2004 - 15:50

De 17-jierrige Awa út Ljouwert moat tongersdei foar it earst foar de rjochter ferskine. Hy wurdt der fan fertocht dat er syn eks-freondine yn 'e brân stutsen hat.

De sitting tongersdei is in pro formasitting, de ynhâldlike behannelling is wierskynlik op 16 desimber. De psychiatryske rapportaazje oer de fertochte is noch net klear en dêrom kin de saak by de earste sitting noch net ynhâldlik behannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)