Earste simmerskoalle is sukses

14 aug 2013 - 12:49
  • Simmerskoalle

De fyftjin bern dy't meidogge oan 'e simmerskoalle yn Ljouwert binne dêr posityf oer. It is foar it earst dat de gemeente Ljouwert sa'n simmerskoalle hat. Bern fan groep 7 fan fjouwer basisskoallen krije twa wiken lang ekstra les. It giet om bern dy't ekstra lessen brûke kinne, sadat se better taret binne op groep 8. Moarns krije de bern taal en rekkenjen en middeis steane sport, spultsjes en kreativiteit op it program.

De learlingen krije in sertifikaat nei ôfrin fan de simmerskoalle. Freed is de lêste dei.

As it in sukses, komme der takom jier mear simmerskoallen. De proef wurdt troch it ryk betelle. Yn 'e gruttere stêden yn Nederlân bestiet de simmerskoalle al langer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)