Earste SARI-winkel yn Fryslân

23 nov 2002 - 00:00

Fryslân hat behalve gewoane wrâldwinkels no ek in wrâldwinkel spesjaal foar klean. Op 'e Jouwer waard sneon de earste Fryske SARI-winkel iepene. SARI stiet foar Samenwerken Aan Rechtvaardige Import.

Yn de winkel binne klean út alle streken fan de wrâld te keap, dy't earlik makke binne. Produsinten hawwe earlik saken dien en goeie prizen betelle. De klean binne dan ek wat djoerder as yn in gewoane moadesaak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)