Earste ronde Amstel Cup

06 nov 2002 - 00:00

Twa Fryske clubs komme woansdei yn aksje yn de earste ronde fan de Amstel Cup. Cambuur giet op besite yn Breda by earedivisionist NAC. De Ljouwerter club kampt mei in soad blessearre spilers. De oare bekerwedstriid is dy tusken De Jouwer en Vitesse 2. De sneinsearsteklasser De Jouwer stuntte yn de foarronde al troch Cambuur mei 6-4 te ferslaan. De wedstriden binne te hearren yn in ekstra sportútstjoering fan Omrop Fryslân Radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)