Earste riders yn Aldtsjerk

02 feb 2012 - 10:08

Om 9 oere tongersdeitemoarn binne de earste riders oer iis by kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk oankaam. Hylke Nienhuis en Martin Jepkema út Lekkum meie dêrom har namme yn de balke fan it kafee skriuwe. Trije manlju út Burdaard kamen in heal oerke letter oan by it kafee en fisken achter it net foar dy eare.

Benammen yn de Bonkefeart wie it iis noch net goed. De mannen binne mei tal fan rêdingsmiddels - as touwen en stokken - it iis op gien. Se warskôgje dat it iis noch tige gefaarlik is en net sterk genôch is foar grutte groepen riders.

De lêste kear dat de earste riders oer iis by it kafee oankamen, wie op 4 desimber 2010.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)