Earste riders wer op natueriis

22 feb 2011 - 11:49

Trije manlju bûnen tiisdei foar de earste kear dit jier wer de redens ûnder op it tinne iis fan de Ryptsjerksterpolder. Dat koe mei troch it lege wetterpeil. Dêrtroch is it iis hurd oangroeid en fan in goeie kwaliteit.

Der waard lang net oeral riden op de Ryptsjerksterpolder, want seker op de grutte iepen stikken wie it hielendal net fertroud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)