Earste reaksjes op AZC Snits net negatyf

05 jun 2015 - 17:26
  • It plak dêr't it nije asylsikerssintrum yn Snits komme moat

De bewenners fan de wyk Noorderhoek yn Snits steane net negatyf tsjinoer de komst fan in AZC, mar it oantal fan 600 fine guon wol wat oan de hege kant. De brief fan de gemeente wie foar de measten wol in ferrassing.

Súdwest-Fryslân hat dy brief freed ferstjoerd. Dêryn stiet dat der plak komt foar 600 flechtlingen út Syrië. Dy wurde foarearst foar in perioade fan fiif jier yn wenten ûnderbrocht op in stik grûn fan fjouwer bunder oan de Worp Tjaardastrjitte by Stasjon Noard.

De gemeente en it COA sille de bewenners kommende moandei op de hichte stelle fan de plannen. Der hat earder ek in lytser asylsikerssintrum west op itselde plak yn de wyk.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân fynt it wichtich dat de flechtlingen in feilich plak krije. De folgjende stap is dat der in bestjoersoerienkomst komt, dêr't de gemeente en it COA de ôfspraken yn fêstlizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)