Earste punt froulju It Fean

16 nov 2009 - 21:55
  • It frouljusteam fan sc Hearrenfean (foto Martin de Jong)

De fuotbalfroulju fan de Sportklup Hearrenfean ha moandeitejûn it earste punt fan de kompetysje helle. Yn de útwedstriid tsjin ADO Den Haach bleau it 0-0. Beide ploegen makken der foar 400 taskôgers net in geweldich spektakel fan. By de Feansters kaam Nangila van Eyck, nei in blessuere fan mear as in jier, yn de twadde helte wer yn aksje.

SC Hearrenfean stiet lêste mei ien punt út fjouwer wedstriden. De ploech hat noch net in doelpunt makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)