Earste produsinten oannaam foar Ljouwert-Fryslân 2018

05 apr 2015 - 10:44
  • Tim Vermeulen en Immie Jonkman

Immie Jonkman en Tim Vermeulen binne oannaam as produsint by Ljouwert-Fryslân 2018. Se sille oan de slach as produsint fan Royal Friesian, it programma oer Fryske kulturele ikoanen.

Under it programma falle ûnder oare de festivals Royal Chamber Music en Explore the North en de eksposysjes oer Alma Tadema en Escher yn it Fries Museum. Dêrneist stipet it programma oare kulturele eveneminten foar de Kulturele Haadstêd en dêrnei.

Immie Jonkman wie earder belutsen by it Iepenloftspul Jorwert en it Fries Straatfestival. Se is ek projektlieder fan de Slachtemaraton en bestjoerslid by feriening de Friesche Elf Steden. Tim Vermeulen, in yn Amsterdam wenjende Flaming wie kertiermaker foar Het Nieuwe Instituut yn Eindhoven en is bestjoerslid fan it STRP Festival yn Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)