Earste peal slein foar nij MFS De Rottefalle

09 mrt 2016 - 13:33
  • De earste peal is no einliks de grûn yn gien
  • De skoalbern skriuwe teksten op de peallen

Der is jierren praat oer in nij doarpshûs foar De Rottefalle, mar woansdeitemoarn is de earste peal slein foar it nije multyfunksjoneel sintrum yn it sintrum fan it doarp. Yn it MFS komt in basisskoalle, it doarpshûs, berne-opfang, jeugdsoos en neiskoalske opfang. Nei de hjerstfakânsje giet it sintrum iepen.

It MFS komt op it plak fan it sloopte doarpshûs. De gebouwen dêr't de skoallen en de berne-opfang no noch yn sitte, binne neffens de nije direkteur De Boer fan it MFS fertutearze en binne se ta oan in nij plak.

De iepenbiere basisskoalle en de kristlike basisskoalle komme aanst yn itselde gebou. De Boer makket him gjin soargen dat dit problemen opsmite sil. ''Der moat fansels wol goed oer praat wurde dat de skoallen har eigen identiteit hâlde, mar alle âlden binne akkoart en ek de bern fine it net slim'', sa seit de direkteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)