Earste peal slein foar mienskiplik depot fiif Fryske musea

13 maaie 2015 - 12:00
  • It nije museumdepot

Yn Ljouwert is woansdei de earste peal slein fan in mienskiplik depot foar fiif Fryske musea. It giet om it Fries Museum, Tresoar, it Frysk Skipfeartmuseum, it Natoermuseum en it Lânboumuseum. Yn it kolleksjesintrum oan de Freark Damwei komt guod te lizzen dat musea net nedich hawwe foar de eksposysjes. It wurdt sa boud dat foarwerpen op de goede temperatuer bewarre bliuwe.

De ferhuzing nei it nije Fryske museumdepot is takom jier april. It kolleksjesintrum kostet 7 miljoen euro. It wurdt betelle troch de provinsje Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)