Earste peal skoalle Techum

04 sep 2008 - 14:42

De earste peallen foar de brede skoalle yn de nije wenwyk Techum by Ljouwert binne tongersdei de grûn ynslein. De gemeente ferwachtet dat yn Techum aanst in soad húshâldens mei jonge bern komme te wenjen en spilet dêr no al op yn.

It ûntwerp fan de skoalle is makke troch in Japanske arzjitekt dy´t der in soarte fan Fryske stjelppleats fan makke hat. Der komme fyftjin lokalen, in berneopfang en in sportfoarsjenning yn it nije gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)