Earste peal nije printerij

13 feb 2008 - 16:42
  • boargemaster Crone sloech de earste peal

De Ljouwerter Krante wurdt oer twa jier printe op ien fan de modernste drukparsen dy't der is. Drukkerij NDC Grafisch Bedrijf sloech woansdei de earste peal fan in nije printerij. Dy komt neist it gebou fan de Ljouwerter Krante.

Neist de LC printet de NDC ek it Dagblad van het Noorden. Mei de nije parse krije lêzers fan beide kranten in moaiere krante mei mear kleur. De printerij kostet 33 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)