Earste peal nij UPC-gebou

08 jun 2010 - 15:28

Yn Ljouwert is tiisdei begûn mei de bou fan in nij en foaral duorsum kantoar foar UPC. It giet om in gebou fan 32 tûzen kubike meter dat foar ein 2011 klear wêze moat. Boargemaster Crone fan Ljouwert en algemien direkteur Diederik Karsten fan UPC diene de iepeningshanneling.

It âlde ûnderkommen waard te lyts; der sieten tefolle minsken yn ien romte. Hoefolle it nije gebou kostet, woe Karsten net sizze. UPC hiert it pân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)