Earste peal foar stoomtrein

27 jan 2011 - 12:39
  • Einlings giet de earste peal de grûn yn (foto Omrop Fryslân)

Yn Snits is tongersdeitemoarn de earste peal slein foar de nije wurkpleats foar trije lokomotiven, in stalling foar treinstellen en twahûndert parkearplakken. Dit is noadich foar de stoomtrein tusken Snits en Starum. In hierde lokomotyf stiet al klear yn Switserlân om op 2 july fan Snits nei Starum te riden.

Yn Snits sil der ek in bus ride tusken de remize en it modelspoarmuseum fierderop yn de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)