Earste peal foar 'simpeler wenten' yn lúkse wyk Blitsaerd

29 maaie 2015 - 16:35
  • Nije bewenner by de earste peal fan harren takomstige hûs

De bou fan rychjeshuzen en twa-ûnder-ien kape huzen yn de Ljouwerter wyk Blitsaerd is freed begûn. Der wie opskuor yn de wyk, omdat de omwenners dizze huzen net yn de wyk ha woene. It soe ôfbreuk dwaan oan de romtlike opset en dêrby passe allinnich mar frijsteande huzen.

De gemeente Ljouwert hat oars besletten en dêrom is de wei no dochs frij. Boubedriuw Lont fynt dit in goed teken, ek omdat der in soad fraach is nei dit soarte huzen. Sy bouwe de nije huzen en hoopje dat de nije bewenners der sa rap as mooglik yn kinne.

Nije wike wurdt mei de bewenners fan Blitsaerd fierder praat oer de takomst fan de wyk. In grut part is noch net beboud en dêrom wurdt der aksje ûndernaam troch projektûntwikkeler Wind Groep út Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)