Earste Ottema-Kingma-penning nei Johan ter Molen

14 des 2014 - 18:00
  • Links professor Johan ter Molen, rjochts OKS-bestjoerlid Lourens Oldersma

Professor doktor Johan ter Molen hat snein fan de Ottema-Kingma Stichting de allerearste Ottema Kingma-penning oerlange krigen. Ter Molen hat de ûnderskieding krigen foar syn jierrenlange ûndersyk nei Frysk goud en sulver. Fan dit ûndersyk is earder al in trijedielich standertwurk útbrocht.

De Ottema-Kingma Stichting wol mei de eigen penning yn de takomst faker persoanen en ynstellings beleanje dy't in útsûnderlike prestaasje levere hawwe op kultuerhistoarsyk mêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)