Earste omfallen kraan Alphen al fuorthelle

02 okt 2015 - 10:25
  • Ravaazje yn Alphen aan den Rijn
  • It earste part fan de kraan koe fuort ferwidere wurde

Yn Alphen aan den Rijn is freedtemoarn betiid it earste part fan ien fan de omfallen kranen fuorthelle. It giet om de gyk fan ien fan de twa grutte kranen dy't op 3 augustus omfoelen, doe't se de brêge fan BSB út Burgum te plak takelje soene. Der ûntstie in grutte ravaazje doe't de kranen en de brêge op gebouwen lâns it wetter foelen.

It fuortheljen fan de kranen is in drege put, omdat alle ûnderdielen ferbûgd binne en trochinoar hinne sitte. It is net dúdlik hoe lang it wurk krekt duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)