Earste offisjele ljipaai fûn

16 mrt 2004 - 00:00

Geert Otter fan Haskerdiken hat tiisdei it offisjele earste ljipaai fan Fryslân fûn. Hy fûn it aai om 17.45 oere by Terbant. Tsien minuten letter fûn Johan Deinum fan Wikel ek in ljipaai yn de Bonnebrekkenpolder. Om't hy syn gemeente earder ynformearre hie, like it der in skoft op dat hy de finer wie fan it earste offisjele ljipaai.

Otter hie lykwols al earder de plysje belle. Hy krijt woansdei om 14.00 oere de sulveren ljip fan Nijpels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)