Earste oerwinning Sipke Ernst

03 jul 2003 - 00:00

Sipke Ernst fan Damwâld hat op it NK skaken yn Ljouwert woansdei foar it earst wûn. Hy fersloech Erik van den Doel. De iennige Fryske dielnimmer is mei dy winst omheech gien nei it dield fyfde plakje. Hy hat 3 punten.

Oan kop bliuwt debutant Daniel Stellwagen (16) fan Soest. Hy spile woansdei remize tsjin konkurrint Loek van Wely. Stellwagen hat mei noch trije ronden te gean 5 punten. Van Wely stiet twads mei 4 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)