Earste oerwinning foar Avanti

10 des 2011 - 14:27
  • ZVV-Avanti Stiens

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn de earste oerwinning fan it seizoen behelle. Yn Lichtenvoorde waard it 4-3 tsjin LZV Kuypers.

It wie in swierbefochten oerwinning, want de Stienzers seagen al gau tsjin in 2-0 efterstân oan. Nei de tee waard it sels 3-0 foar de Achterhoekske thúsklup. In doelpunt fan Mo Faraouni brocht Avanti werom yn 'e wedstriid. De twadde treffer kaam op namme fan Wasim el Baroudi. Dêrnei makke oanfierder Tim Hof krekt foar tiid de lykmakker. Yn de hektyske lêste minút wie it op 'e nij Hof dy't mei in fier ôfstânskot it winnende doelpunt op it skoareboerd sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)