Earste noardlike stripbeurs

30 jan 2014 - 07:32

Der wurdt foar it earst in grutte stripmanifestaasje hâlden yn it Noarden fan Nederlân. It giet om in beurs yn Drachten, dy't op 17 en 18 maaie hâlden wurdt yn it Frysk Kongres Sintrum. By de beurs komme de ferskate streamingen yn it striptekenjen oan bod en ek kinne besikers aktyf meidwaan.

De organisaasje fan de beurs krijt ûnder oare help fan it Nederlands Stripmuseum, in tal stripwinkels en striporganisaasjes. Der wurdt rekkene op sa'n 2.000 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)