Earste nacht Snitswike is goed ferrûn

01 aug 2015 - 12:43

De earste nacht fan de Snitswike is neffens de plysje goed ferrûn. Der wie in soad publyk yn de stêd, mar grutte problemen wienen der net. Wol moast de plysje in pear kear yngripe om begjinnende fjochtpartijen del te bêdzjen. Mei elkoar binne freedtenacht alve minsken oanhâlden foar ûnder oare fernieling, mishanneling en drugsbesit. Fjouwer fertochten binne foar neier ûndersyk ynsletten.

Ek op it wetter wie de plysje oanwêzich. Ferskate skippers binne kontrolearre op it brûken fan alkohol, mar net ien hie tefolle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)