Earste Museumwike lûkt sawat 15.000 besikers

26 apr 2015 - 16:03
  • Keramykmuseum Prinsesehôf

De earste edysje fan de Museumwike hat likernoch fyftjintûzen minsken nei de spesjale útstallings lutsen. De museumwike is de opfolger fan it bekende museumwykein dat sûnt de jierren tachtich hâlden wurdt. Besikers koene der fergees of mei koarting yn. Yn Fryslân diene 42 musea mei oan de museumwike.

De tentoanstellings yn it Fries Museum yn Ljouwert lutsen de measte minsken. Yn it keramiekmuseum Prinsessehôf wie it ek drok. De lytse musea binne net sa bliid mei de museumwike. Se fine it te lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)