Earste molke Noorderland helle

01 maaie 2007 - 14:49
  • de molke foar Noorderland yn de tank

De 150 boeren út Noard-Nederlân dy't oansluten binne by de nije koöperaasje Noorderland Melk krije mear jild foar harren molke en langere kontrakten mei fabriken. De koöperaasje is goed fjirtjin dagen lyn oprjochte. Tiisdei waard de earste molke by de boeren ophelle.

Noorderland Melk besparret in soad jild om't der gjin kantoar, direksje en managemint is. Fan it útsparre jild krije de boeren in hegere molkpriis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)