Earste melkrobot yn museum

20 apr 2010 - 15:21
  • De earste melkrobot
  • De útfiners by har apparaat

It prototype fan de earste melkrobot op de wrâld is fan woansdei ôf te sjen yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. Yn 1982 setten Roelof Middel en Rinke Oenema in revolúsjonêre ûntwikkeling yn gong. Se ûntwikkelen in masine dy't in ko folslein automatysk melkt.

De útfining past yn in lange tradysje fan masinebouwers dy't apparaten meitsje om it wurk op de buorkerij lichter te meitsjen. Der binne al hiel wat melkrobots fekocht, mar de útfiners ha der near in sint fan sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)