Earste ljipaaien

13 mrt 2007 - 10:40
  • Der wurde hieltiis mear ljipaaien fûn

It earste ljipaai fan it Bilt is moandeitemiddei fûn, súdlik fan Sint Anne. De finer wie Tjeerd Lautenbach fan Ljouwert. Rienk de Vries hat moandei it earste ljipaai fan Ljouwerteradiel fûn. It lei yn de Hallumer Mieden. It giet om in 'bouaaike', te herkennen oan de spesjale kleur.

Yn de gemeente Ljouwert is moandei ek it earste ljipaai fûn. Gerrit van der Let seach it lizzen krekt bûten Lekkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)