Earste ljipaai op selde lân

12 mrt 2012 - 14:03
  • Ljipaai

It earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim is moandeitemoarn om kertier foar tolven fûn troch Melle van der Meer fan Sumar. It aaike wurdt moandeitemiddei oanbean oan loko-boargemaster Hermien de Haan-Laagland.

Van der Meer wie ferline jier ek de finer fan it earste ljipaai fan Boarnsterhim. Moandeitemoarn fûn er it aai op itselde stik lân as ferline jier. Dat wie by de Fonejachtbrêge by Warten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)