Earste ljipaai Littenseradiel

12 mrt 2014 - 17:04
  • Jan Hilarius Kroese, loko-boargemaster Douwe Willemsma en Wiebe Anton Palstra

It earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel is woansdeitemiddei om ûngefear healwei fjouweren fûn yn it lân oan de Suderdyk tusken Greate Wierrum en Boazum. De finers binne de 29-jierrige Wiebe Anton Palstra en de 48-jierrige Jan Hilarius Kroese fan Boalsert. Der lei ien aaike yn it nêst. It ljipaai wurdt tongersdeitemiddei op it gemeentehûs oanbean oan loko-boargemaster Douwe Willemsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)