Earste ljipaai Hollân fûn

14 mrt 2004 - 00:00

It earste ljipaai is fûn. Net yn Fryslân, mar yn it Noard-Hollânske Obdam. It giet om in nêst mei dêryn trije aaien. De ljipaaien binne sneontemiddei fûn troch Simon Dingeris. It aai wurdt moandei symboalysk oanbean oan boargemaster Van Beelen fan Obdam.

Offisjeel oanbiede sit der net yn, want it sykjen fan ljipaaien is ferbean yn Noard-Hollân. Yn 'e regel wurdt it earste ljipaai yn Fryslân fûn. Dat sil no grif net lang mear duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)