Earste ljipaai fûn

16 mrt 2010 - 12:04
  • It earste ljipaai fan 2010 is fûn
  • Hidde Dijkstra nimt de Sulveren Ljip yn ûntfangst

It earste ljipaai fan 2010 is fûn yn in stik greide, flakby de fleanbasis fan Ljouwert. Om 9.30 oere fûn de 34-jierrige Hidde Dijkstra fan Britsum it aai en melde dat fia de SMS. It bûn fan fûgelwachten hat befestige dat alles neffens de regels gien is.

Tiisdeitemiddei is it aai oanbean oan Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma. Dy hat it aai lottere en goedkard. Dijkstra hat de Sulveren Ljip en 15 euro krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)