Earste ljipaai fûn

10 mrt 2012 - 10:38

It earste ljipaai fan Fryslân is sneontemoarn om kertier foar achten fûn. Jan Harmen Oosterman fan Aldehaske fûn it yn in stik maislân by it doarp. Oosterman hie de ljip al in wike op it each. Syn ljipaai is ek it earste ljipaai fan Nederlân.

Kommissaris Jorritsma sil it aai sneontemiddei lotterje op it provinsjehûs. It is hjoed de santichste dei fan it jier. Dat is yn trochsneed ek de dei dat it earste ljipaai fûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)