Earste ljipaai echt fûn

16 mrt 2011 - 14:41
  • Geert Kleinhuis mei soan Karst en it earste aai

It earste ljipaai fan Fryslân is echt fûn en goedkard. Dat meldt kommissaris Jorritsma. It aai lei op itselde plak as dêr't woansdeitemoarn earder it earste aai fûn waard, yn greide oan de Suwâldsterdyk Hurdegaryp. Dat waard ôfkard, om't aaisiker Geert Kleinhuis fan Earnewâld net in sms-ke stjoerd hie nei it bûn foar't er it opkrigen hie. Neffens de regels moat dat sa.

It aai dat no fûn is, is wol korrekt oanmeld. It wurdt om 17.00 oere yn ûntfangst naam troch Jorritsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)