Earste ljipaai Achtkarspelen

28 mrt 2006 - 13:24

Yn Achtkarspelen is tiisdeitemoarn betiid it earste ljipaai fan dy gemeente fûn. De 58-jierrige Heiki Hoeksma fan de Harkema seach it aaike lizzen. Hoeksma is foarsitter fan de fûgelwacht yn Stiensgea en fûn it aai by It Oast by Stiensgea.

Yn 19 fan de 31 Fryske gemeenten binne no earste ljipaaien fûn. Der mei noch socht wurde oant en mei freed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)