Earste list ferkeatst op PC

24 aug 2011 - 16:16
  • Lisette Wagenaar

De lêste twa partoeren op de frouljus PC dy't nei de twadde list geane, binne bekend. It partoer fan Lisette Wagenaar, in favoryt, wûn mei Imke van der Leest en Gérieke de Groot mei 5-3 en 6-4 tsjin Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer.

Ek it partoer fan Joukje Kuperus, Renske Terwisscha van Scheltinga en Margriet Bakker giet troch. Se wiene mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Afke Kuipers, Nynke Sybrandy en Bianca van der Veen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)