Earste krâns Johan v/d Meulen

19 aug 2012 - 18:38

Johan van der Meulen, Folkert van der Wei en Marten Feenstra ha snein de haadklasse frije formaasje partij fan Kimswert op har namme skreaun. Yn de finale wiene sy mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Ale Jan Anema. De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger.

It wie foar Johan van der Meulen syn earste oerwinning sûnt hy wer werom is op it heechste nivo. Marten Feenstra waard útroppen ta kening fan de partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)