Earste Keamer kritysk oer nije mediawet fan Dekker

02 feb 2016 - 16:07
  • Mediadebat yn de Earste Keamer

Earste Keamerleden binne behoarlik kritysk oer de nije mediawet fan steatssekretaris Dekker. De wet wurdt op dit stuit behannele yn de Earste Keamer. Under oare it CDA, de fraksje 50+ en dy fan de OSF, dêr't de FNP yn fertsjinwurdige is, binne it lang net iens mei hoe't omgien wurdt mei de regionale omroppen. Dy soene neffens de nije wet tenei falle ûnder ien regionale publike omroporganisaasje.

Senator Joop Atsma fan it CDA hat yntusken pleite foar in mear autonome posysje foar Omrop Fryslân. De Omrop kin ek rekkenje op stipe fan 50+.

Senator Jan Nagel fan de fraksje 50+ fynt dat Omrop Fryslân rjocht hat op in selsstannige status, sei er foar de mikrofoan fan ferslachjouwer Onno Falkena.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)