Earste kampioenskip sipelskilen

27 des 2003 - 00:00

De pleatslike sportferienings fan Deinum organisearren sneon it earste Iepen Frysk kampioenskip Sipelskilen. Dêrmei waard jild ophelle om de liening by Doarpsbelang foar de nije ljochtmêsten ôf te beteljen.

35 dielnimmers besochten safolle mooglik fan de 200 kilo sipels te skilen en te snijen. It kampioenskip krijt takom jier in ferfolch en miskien wurdt der ek gearwurke mei Dwingeloo. Dêr is ek in toer mei in sipel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)