Earste jubileumtoer PC pleatst

11 feb 2003 - 00:00

De noardtoer stiet sûnt tiisdei by it Sjûkelân yn Frjentsjer. By it 'hillige' keatsfjild komme twa tuorren. Mei dat monumint wol de PC it 150ste jubileum dit jier betinke. Yn Bakhuzen is de stielkonstruksje makke neffens in ûntwerp fan arsjitekt Rein Hofstra.

It pleatsen fan de toer, 18 meter en 60 sintimeter heech, gie hiel flot. Oer twa wiken komt de twadde toer. Dan hat it Sjûkelân wer wat fan eartiids werom doe't it Sjaerdamaslot der noch stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)