Earste JSF yn 2016 nei Ljouwerter fleanbasis

26 jan 2015 - 11:40
  • De nije F35

Yn 2016 komt der foar it earst in Joint Strike Fighter nei Fryslân. Minister Jeanine Hennis hat dat moandei sein op yn byienkomst mei omwenjenden fan fleanbasis Volkel. Yn Brabân besteane grutte soargen oer it leven dat de JSF makket. De minsiter hat dêr sein dat yn juny 2016 by de Loftmachtdagen yn Ljouwert in JSF presintearre wurde sil.

Dat kin net samar, want earst moat de start- en lâningsbaan noch geskikt makke wurde. Nederlân keapet mei-inoar op syn minst 37 JSF's. Fan 2019 ôf wurde JSF's yn Ljouwert stasjonearre.

It koarte skoft dat de JSF yn 2016 yn Nederlân is, wol minister Hennis maksimaal brûke foar tal fan testen en mjittings. "Het toestel komt hier niet voor de show", seit de minister fan definsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)