Earste jonge seehûnen fûn

05 maaie 2011 - 06:20
  • De seehûn fan Flylân
  • De twaling fan Skylge (foto's: seehûnekresj)

De seehûnekresj yn Pieterburen hat woansdei de earste twa jonge seehûnen fan dit seizoen opfongen. It giet om bisten dy't sûnder mem oantroffen waarden. De earste lei op it strân fan Flylân, de twadde op de Boschplaat op Skylge. Op Skylge giet it om ien fan in twaling, de oare waard dea fûn.

De fynst fan jonge seehûnen is dit jier hiel betiid, ferline jier waarden de earsten pas yn juny binnen brocht. It is de tredde kear yn fjirtich jier tiid dat in seehûnetwaling fûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)