Earste jirpels út sâlte grûn

16 jul 2010 - 15:03

De earste jirpels binne freedtemoarn út sâlte grûn helle. Op in proeffjild yn in natoergebiet op Tessel hat jirpelkweker Fobek fan Sint Anne tegearre mei de Vrije Universiteit in proef hâlden. Gewoanwei kinne ierappels net op sâlte grûn ferboud wurde mar al is de rispinge noch wat meager, it eksperimint is súksesfol.

Ut de proef moat bliken dwaan hokker jirpelsoarte it bêste oer it sâlte grûnwetter kin. De kwekers sjogge in soad perspektyf yn dizze jirpeltylt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)